In maar is yn Grinslân en East-Fryslân de namme foar in wetterrin. Dy namme is besibbe oan de Fryske mear. Maren binne meast smelle, ûndjippe, natuerlike, soms ek net-natuerlike streamkes (fearten of sleaten) dy't al iuwenlang besteane. Sy komme it meast foar yn de GrinslannergoaenHunsingo en Fivelingo en yn de Krummhörn.
By wetterskipNoardersylfest binne mear as 100 wetters dy't de útgong "-maar" hawwe. Lytse wetters wurde meast oantsjut mei tocht. Yn it easten fan Grinslân wurdt faak praat fan diep(je) en watering.
De gritenij Opsterlân wurdt op it 14e-iuwske lânskipssegel ek oantsjut as S(uper) Haudmare, dat is 'boppe it Haadmaar' of 'boppe de haadstream (lizzend)'. Mei Haudmare waard sa't it liket de Boarn bedoeld.[2]
↑J. Ohling, Die Acht und ihre sieben Siele: kulturelle, wasser- und landwirtschaftliche Entwicklung einer ostfriesischen Küstenlandschaft, Pewsum 1963.