Lower Brule
|
Bestjoer
|
Lân |
Feriene Steaten
|
Steat |
Súd-Dakota
|
County |
Lyman County
|
Sifers
|
Ynwennertal |
613 (2010)
|
Oerflak |
0,9 km² (ynkl. wetter) 0,9 km² (allinnich lân)
|
Befolkingsticht. |
681,1 / km²
|
Hichte |
440 m
|
Oar
|
Stifting |
1875
|
Tiidsône |
UTC -6
|
Simmertiid |
UTC -5
|
Koördinaten |
44°04′26″N 99°34′51″W
|
Kaart
|
|
De lizzing fan Lower Brule yn Lyman County en yn 'e steat Súd-Dakota.
|
Lower Brule ['louwǝɹ bɹu'le:] is in plak fan Lyman County, yn it sintrale part fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, dat yn 1875 stifte waard. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Kennebec), is it wol it haadplak fan it Neder-Brulee Yndianereservaat (Lower Brule Indian Reservation), fan 'e Neder-Brulee Sû Stamme (Lower Brule Sioux Tribe). Lower Brule is neamd nei it Neder-Brulee Agintskip (Lower Brule Agency), it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken yn it Neder-Brulee Reservaat. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Lower Brule doe justjes boppe de 600 minsken.
Demografy
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Lower Brule 4,2% âlder as 65 jier en 44,2% jonger as 18 jier. Fierders bestie 24,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 51,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (foar it befolkingssegmint fan ûnder de 18 jier sels 56,2%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 94,8% Yndianen; 4,5% blanken; 0,3% Latino's; 0,2% swarten; 2,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes