Hy wie in soan fan winkelman Menze de Graaf en Janna Kuperus. Hy gie nei de mulo yn Bûtenpost (oant 1946) en nei de hbs, mar makke dy lêste skoalle net ôf.
Hy 'groeide op' yn de ARJOS (Anti-Revolutionaire JOngeren Studieclubs) en it CNV. As steatssekretaris fan Sosjale Saken yn it earste kabinet-Van Agt paste er de bernetaslachregelingen oan. Yn de kabinetten-Lubbers (I en II) fierde er, nettsjinsteande syn fakbûnsferline, in strang besunigingsbelied, wêrtroch't de sosjale sekerheid bot soberder waard. Yn 'e mande mei ministerDe Koning (CDA) brocht er de stelselwersjenning sosjale sekerheid ta stân. Hy wie twaris in skoftke minister. Yn 'e mande mei minister Elco Brinkman skafte er de BKR (Byldzjende Keunstnersregeling 1949-1987/1992) ôf.