Yn 1968 begûn it fiedingsmiddelefabryk Johma mei it klearmeitsjen fan salades. De namme Johma is in kombinaasje fan de beide ûndernimmers Johan en Martin. Earste ôfnimmers wiene slachters en lytse supermerken yn it easten fan it lân. Yn de jierren 70 ferhúze it fabryk nei Losser. Dêr't it hjoed-de-dei noch altyd festige is.
Toerisme en kultuer
Saken fan histoarysk en/of kultureel belang yn Losser binne de St. Martinustoer, it stienfabryk De Werklust oan 'e Oldenzaalsestraat, it iepenloftteäter Brilmansdennen oan Gildehauserweg en erve Kraesgenberg oan 'e Bookholtlaan.