Leonard S. Mandamin (Wikwemikong (Ontario), 1944) is in Kanadeesk jurist en rjochter fan etnysk Yndiaansk komôf.
Libben en karriêre
Mandamin waard yn 1944 berne yn Wikwemikong, it haadplak fan it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat op it eilân Manitoulin yn 'e Hueronmar, dat ta de Kanadeeske provinsje Ontario heart. Hy is in etnyske Ottawa. Op 27 april 2007 waard Mandamin as rjochter oansteld oan it Kanadeesk Federaal Gerjochtshôf, dat yn it hiele lân jurisdiksje hat.
Boarnen, noaten en referinsjes