De Krústsjerke is in T-foarmich tsjerkegebou oan 'e Boargemaster Falkenawei, dy't oarspronklik foar de Grifformearde tsjerke fan It Hearrenfean boud waard.
Skiednis
Yn 'e 19e iuw bleau de Grifformearde tsjerke op It Hearrenfean groeien. Om't de besteande tsjerke te lyts wurden wie, waard yn it begjin fan 'e 20e iuw besletten ta nijbou. Troch arsjitekt Ane Nauta, in eardere meiwurker fan Tjeerd Kuipers, waard in ûntwerp yn rasjonalistyske styl makke. Op 3 jannewaris1921 waard troch dûmny Hummelen de earste stien lein foar de yn wapene beton boude tsjerke. De tsjerke waard yn 1963 restaurearre.
Yn it ramt fan 'e nijbou fan it tsjerklike sintrum Trinitas yn 2011-2012 waard de Krústsjerke tegearre mei de Tsjerke oan de Fok troch de protestantske wykgemeente yn 'e ferkeap dien.[1]
It oargel fan 'e Krústsjerke stamde út 1959 en waard troch de firma J. Reil út Heerde boud. By de bou fan it ynstrumint brûkte Reil âlder materjaal fan it earste oargel fan Rohlfing út 1921. It oargel bleau bewarre foar It Hearrenfean en is troch de bruorren Reil út de Krústsjerke ferwidere en yn 'e nije Trinitastsjerke nei in renovaasje wer opboud.