De twadde kear besocht hy yn de Hollânske Oarloch as bûnsmaat fan Loadewyk XIV fan Frankryk yn it rampjier 1672 de stêd Grins te feroverjen, wat him de bynamme Bommen Bearend (yn Fryslân ek wol Bearn Poep) opleverje soe. De Grinzers skeaten werom mei it kanon de Grutte Gryt. Troch tadwaan fan Carl von Rabenhaupt moast Von Galen syn besykjen dêrom stake. Op 17 augustus1672 hefte hy it belis op. De ein fan it belis stiet bekend as Grinzer Untset; it wurdt alle jierren fierd op 28 augustus.
De stêd Grins liet in grut skilderij fan it belis meitsje. In portret fan Von Galen hat der yn Grins net hong, oant op 5 maaie2004 op in grutte feiling by Sotheby's in skilderij oanbean waard dat út it famyljeslot Haus Assen yn Münsterland kaam. De Feriening fan Freonen fan it Grinzer Museum kocht dat skilderij en joech it yn brûklien oan it Grinzer Museum.
It portret is net sinjearre mar fermoedlik makke troch Jacob Quinchard út Wesel, hofskilder fan de biskop.
Yn 1672 besocht Fan Galen ek De Lemmer ûnder syn bewâld te krijen, mar dy misje mislearre.
Bynammen
Utsein Bommen Bearend waard Bernard fan Galen ek de Swinebiskop neamd omdat hy út it lân fan de Westfaalske hammen kaam.
Neitins
Oan de Biskop fan Munster herinnert noch de "Bisschoplaan" tusken Ketlik en Mildaam, dêr't de oanfallers tsjinhâlden wiene. Ek yn Wynjewâld is in neitins oan de "Biskop" bewarre bleaun (Biskopsreed) en ûnder De Wylgen, by de brêge oer de Drait lizze de saneamde Biskopsgrêven. Yn Rouwveen is de Biskopskâns yn eare hersteld.
Fan Galen syn grutte freon Johannes van Alphen (1630-1698), de fikaris-generaal, skreau yn 1679 in biografy yn it Latyn, op oantrún fan de ambassadeurs en regearen, dy't by it sluten fan de Frede fan Nimwegen wiene en dy't harren lilk makken oer de rabberij en frjemdichheden, dy't yn Hollân en Frankryk yn allerhande geskriften ferspraat waard.[1]