Under it regear fan Kristiaan IV hie Denemark te lijen fan minne ekonomyske tiden. Oan de oare kant hoegde it keninkryk sûnt lange tiid gjin kriich te fieren. Syn styl fan regearjen wie absolutistysk. Yn Kopenhagen liet de kening de Kristiaansboarch bouwe.
De kening en syn frou wiene tige fromme minsken, itjinge foar it Deenske folk in ferplichte tsjerkegong ta gefolch hie.
Op 6 augustus 1746, ien dei foar de fiering fan syn suveren houliksjubileum, ferstoar de kening op Slot Hirschholm. Kristiaan VI waard byset yn de domtsjerke fan Roskilde en opfolge troch syn soan Freark V.
Famylje
De kening wie troud mei Sophie Magdalene fan Brandenburg-Kulmbach. Ut it houlik waarden trije bern berne:
Freark V (* 31 maart 1723; † 14 jannewaris 1766), kening fan Denemark
Louise (* 19 juny 1724; † 20 desimber 1724), prinsesse fan Denemark
Louise (* 19 oktober 1726; † 8 augustus 1756), hartoginne fan Saksen-Hildburghausen.