Hy wie in soan fan in Dútske juwelier yn Sint-Petersburch en gie nei de Sint-Petruskoalle. Doe't er noch mar njoggen jier wie waard er ynskreaun by de Petersburchske Keunstakademy, dêr't er oant 1815 studearre by ûnder oaren de arsjitekt Andrei Woronichin. Guon fan syn projekten dy't er yn de rin fan syn oplieding makke, smieten medaljes op. Fan 1819 oant 1828 hold er yn Rome en Florâns ta foar keunststúdzjes.
Yn desimber 1828 gie er werom nei Ruslân. Yn 1830 waard er lid fan de keunstakademy en trije jier letter waard er beneamd ta learaar oan de Peterburchske Keunstakademy. Yn 1854 waard er ta rektor fan de fakulteit arsjitektuer fan de akademy beneamd.