Sûnt 1254 stie hjir it norbertynskekleasterVallis Mariae of Mariëndelle. It wie yn 1182 út Mariëngaarde wei stifte as kanunnikekleaster en lei yn it earstoan wat tichter by de Waadsee oan de Kapellewei, mar it opkommen fan de see makke yn 1232 in ferhûzing djipper it lân yn needsaaklik. Nei ien fan de beide oprjochters waard it ek wol Lidlum neamd. Letter brochten se it ûnder de Norbertiner oarder. Yn 1254 ûnder Sibo Deimta, de fiifde abt fan it kleaster, ferhûze it kleaster nochris.
Djiptepunt yn de skiednis fan it kleaster wie de moard op abt Eelko Liaukama op de úthôf yn Boksum op 22 maart 1332. Eelko wie tsjin it sûpen en fleis iten yn de hillige fêsteltiid troch de bruorren. Doe't de muontsen fan de úthôf Ter Poarte yn Boksum him fregen om flak foar Peaske mei te iten misledige de abt de muontsen troch him te hâlden oan it fêsten. Temûk hie Eelko it iten yn syn mouwe fan 'e pij útspuid. De muontsen krigen dat lykwols yn 'e rekken en doe't de abt wer yn 'e sel wie, sloegen hja him mei in knots de harsens yn. Ynstee fan it iten foelen der lykwols wite roazen út de mouwe fan 'e pij. Eelko waard yn 'e grêft smiten, mar nei de ûntdekking fan syn lichem waard de abt nei Lidlum brocht en dêr begroeven. Fanwegen de grutte ferearing ûnder it folk waard syn lichem letter yn 1528 troch abt Keppel yn 'e parochytsjerke byset.[1] As sillige Eelko fan Liauckema komt hy noch altyd foar yn de hilligenkalender fan de Oarder fan Prémontré.
Lykas bygelyks Kleaster Eanjum hie it kleaster ek stimrjocht en in eigen himrik neist de oare doarpen fan Barradiel. It hie de njoggende stim fan de gritenij mei in oantal fan 9 stimmen.