Astuerje waard nei de ynfal fan de Moaren yn 711 it plak dêr't de Fisigoaten nei útwike en in nij keninkryk stifte, de widze fan it takomstige Keninkryk Kastylje. Sûnt de 10e iuw, ûnder bewâld fan de Astueryske foarsten, feriene mei Léon, is sprake fan in Keninkryk Léon. Sûnt 1388 wie Prins fan Astuerje de titel fan de Kastyljaanske, letter Spaanske, kroanprinsen.