Keep Yourself Alive is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1972 yn de Trident studio en útbrocht op Queen, it debútalbum fan Queen út 1973. Keep Yourself Alive wie it earste nûmer op it album en waard op 6 july 1973 útbrocht as earste single fan Queen.
Oer it nûmer
Brian May skreau Keep Yourself Alive nei't de band foarme wie, mar foardat John Deacon derby kaam. Roger Taylor en Brian May sjonge de fokale oergong fan it liet.
Muzikanten
- Freddie Mercury – Sang
- Brian May – Gitaar
- John Deacon – Bas
- Roger Taylor – Drums