Kay van Dijk (Renkum, 25 juny 1984) is in Nederlânske follybalspiler.
Hy begûn syn karriêre by de klup Nuovo út Doorwerth en spile dêrnei by Landstede Volleybal/VCZ, VC Omniworld en it Belgyske Noliko Maaseik. Van Dijk ferhuze yn 2008 nei de klup LIG Eaters yn it Súd-Koreaanske Seoul. Nei't er ien seizoen yn Súd-Korea spile hie, tekene er yn juny 2009 in kontrakt by de klup Pallavolo Loreto út Itaalje.
Hy die ienris mei oan de Olympyske Spullen, dat wie nammentlik op de Spullen fan 2004 yn Atene. Doe waard hy mei de Nederlânske follybalploech njoggende. Yn totaal hat Kay van Dijk op 1 oktober 2010 172 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]
Clubskiednis
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ [1] Kay van Dijk op de webside fan NeVeBo
|