Om 1450 is de ferfeanting yn dit gebiet al oan de gang. It Sint Nikolaaskleaster fan Burgum lei besuden Kûkherne. Wierskynlik hawwe de muontsen út dit kleaster de Kûkhernster Feart groeven om it fean fanút de Burgumer Mar ôf te fieren of om it fean berikke te kinnen.