Mei't der gjin dokumintearre bewiis bestiet dat Löw lykfol hokker formeel religieusûnderrjocht genoat, geane de measte histoarisy derfan út dat er in tige bejeftigeautodidakt wie. Syn gesin bestie út syn frou Perl of Perla, seis dochters en in soan, dy't nei syn pake Bezalel neamd wie. Dy soan waard letter rabbyn fan Kolín, mar kaam begjin 1600 te ferstjerren. Löw wie fan himsels tige begoedige, in gefolch fan 'e snoade saaklike ynvestearrings fan syn heit.
It is ûndúdlik wannear't er him krekt yn Praach nei wenjen sette, dat doedestiden de haadstêd wie fan it Keninkryk Bohemen, mar hy moat dêr al jierren wenne hawwe doe't er yn 1553 in posysje as lânsrabbyn yn it Markgreefskip Moraavje akseptearre. Dêrfoar ferfear er nei de stêd Mikulov, dat doe almeast op syn Dútsk Nikolsburg neamd waard. Hy late de joadske mienskip yn Moraavje in fearnsiuw lang, wêrby't er net inkeld praktyske saken regele en de joaden fertsjintwurdige foar it regear oer, mar ek bepaalde hokker diel fan 'e Talmoed oft yn 'e synagoges bestudearre wurde moast. Fierders fierde Löw in herfoarming troch fan 'e ynterne joadske statuten op it mêd fan ferkiezings en belestingheffing. Teffens kante er him sterk oan tsjin kwealaster oangeande de legitimiteit fan beskate famyljes, it saneamde Nadler, wêrby't nammentlik beweard waard dat sokke famyljes út bûtenhoulikse relaasjes fuortkamen. Dat soarte boasaardige rabberij koe it finen houlikspartners foar de bern út sokke famylje ûnmooglik meitsje.
Nei't er yn 1588 weromferhuze wie nei Praach, akseptearre Löw dêr de posysje fan lânsrabbyn fan Bohemen, wêrby't er de ôfgeande Isaäk Hayoth opfolge. Ek yn Praach besocht er Nadler út te bannen. Fierders is bekend dat er yn dy jierren de letter ferneamd wurden rabbinen Yom Tov Lipmann Heller en David Ganz as learlingen hie. Op 23 febrewaris1592 hie Löv mei syn broer Sinaï en syn skoansoan Isaäk Cohen in audiïnsje by keizerRudolf II fan it Hillige Roomske Ryk. Dat petear liket benammen oer de kabbala gien te hawwen, de joadske mystyk, dêr't Löw in kenner fan wie en dat de keizer fassinearre.
Neffens de leginde wie it ek yn dy jierren yn Praach, dat Löw in golem skoep, in wêzen dat er makke fan klaai troch it gebrûk fan mystike krêften basearre op esotearyske kennis oer de manier dy't God brûkt hie om 'e earste minske, Adam, te skeppen. Löw soe de golem makke hawwe om it Joadske Kertier fan Praach te beskermjen tsjin antysemityske oanfallen fan kristlike stedsgenoaten, mar it ding wurke net sa't it bedoeld wie. Der besteane ferskillende ferzjes oer wat der krekt mis gie, mar allegear binne se it deroer iens dat it foar Löw in hiele toer wie om syn kreaasje te deäktivearjen. Hoewol't guon otterdokse joaden leauwe dat de Golem fan Praach wier bestien hat, binne histoarisy fan betinken dat de leginde in literêr betinksel út 'e iere njoggentjinde iuw is. De ierste boarne foar de leginde is it boekDer Jüdische Gil Blas, fan Josef Seligman Kohn, út 1834.
Ein 1592 ferfear Löw nei Poasen, dêr't er keazen waard ta opperrabbyn fan Poalen. Dêr skreau er û.m. it wurk Netivoth Olam, oer etyk, en in diel fan Derech Chaim, in kommentaar op 'e Mishnah. Oan it begjin fan 'e santjinde iuw kearde Löw op 'e nij werom nei Praach, dêr't er syn lêste jierren trochbrocht en op 17 septimber1609 kaam te ferstjerren. Hy wie doe tusken de 83 en 97 jier âld, en waard begroeven op it Alde Joadske Begraafplak fan Praach, dat tsjintwurdich in toeristyske besjensweardichheid is dêr't syn ûnskansearre grêfsark noch altyd stiet.
Yn april1997 brochten Tsjechje en Israel yn gearwurking in rige postsegels út, mei op ien dêrfan in ôfbylding fan 'e grêfsark fan Löw. Fierders joech Tsjechje yn maaie2009 ek in postsegel út ta gelegenheid fan it 400e stjerjier fan Löw. In moanne letter brocht de Tsjechyske Munt dêr in betinkingsmunt foar út.
Wurk
Gur Aryeh ("Jonge Liuw"): in boppekommentaar op it ferneamde kommentaar fan Rashi op 'e Torah
Tif'ereth Yisrael ("De Gloarje fan Israel"): in filosofysk traktaat oer de Torah, bedoeld foar de hjeldeiShavuot
Gevuroth Hashem ("Gods Macht" of "Gods Machtige Dieden"): in filosofysk traktaat bedoeld foar de hjeldei Pesach
Netzach Yisrael ("De Ivichheid fan Israel", mei de konnotaasje 'oerwinning', mei't netzach, "ivichheid" út deselde woartel fuortkomt as it Hebriuwske wurd foar 'oerwinning'): oer de roudei Tisha B'Av en de úteinlike ferlossing
Ner Mitzvah ("De Kjers en it Gebod"): oer de hjeldei Chanuka
Or Chadash ("In Nij Ljocht"): oer de hjeldei Purim
Derech Chaim ("Wize fan Libjen"): in kommentaar op 'e Pirkei Avoth, in diel fan 'e Mishnah
Be'er ha-Golah ("De Boarne fan 'e Diaspoara"): in útlis oer de Talmoed en de Midrash yn reäksje op it wurk fan 'e Italjaanske learde Azariah dei Rossi (of Azaryah min ha-Adumim)
Chiddushei Aggadot ("Novelle oer de Aggada"): oer de Aggada, de ferheljende dielen fan 'e Talmoed