Yn 2007 debutearre er mei de koarte roman De boot en het meisje, útjûn troch Nijgh & Van Ditmar, dy't yn de parse frij geunstich besprutsen waard. Der wie wol krityk op de skriuwstyl. Men miende dat dy fan in debutant wie. De beskriuwende dielen fan de novelle waarden lykwols priizge.
Van het Reve hat it Vossius Gymnasium trochrûn, mar hat syn stúdzje oan de Universiteit fan Amsterdam net ôfmakke. Wilens it skriuwen fan syn earste boek wie er as kok oan 't wurk.
Hy is redakteur fan it literêre ynternettydskrift Rosa. Dêrneist is er sûnt april 2008 kollumnist by Het Parool en fan jannewaris 2009 ôf fan Vrij Nederland. Op 1 septimber 2012 gie er oer as kollumnist nei De Volkskrant.
Fan 10 febrewaris 2019 ôf presintearret er tegearre mei Tex de Wit en Diederik Smit it satiryske sportprogramma Makkelijk scoren foar de VPRO. De show rûn yn 2020 ôf.
Bibliografy
Boeken
De boot en het meisje (2007)
Niet willen of niet kunnen. Van Gogh en de nacht. Amsterdam, 2009
Koken voor vrouwen. Van diner tot ontbijt. (mei Diede H. de Jong) Amsterdam, 2010
Hoe Paul (per ongeluk) de poot van Piet brak. Amsterdam, 2011
Holman liegt : de mooiste, hardste, liefste, helderste, gemeenste, slechtste, ontroerendste leugens bijeen. Red. Jonathan van het Reve. Amsterdam, Nieuw Amsterdam, 2014 ISBN 9789046816707