Doe't Tenniels noch mar 16 jier wie waarden syn skilderijen al tentoansteld. Syn grutte talint waard rillegau sjoen en hy krige ferskate earfolle opdrachten.
Tenniel publisearre in tal politike tekeningen yn it satiryske blêd Punch, dêr't er yn 1850 fêste tekener waard. Stadichoan naam er op him de wichtichste politike cartoons foar Punch te meitsjen.
Troch in ûngemak by it skermjen yn syn jonkheid, waard er fan 1860 ôf foar in grut part blyn oan ien each.[1][2] Hy hie in fotografysk ûnthâld, en kaam út en troch by syn 'slachtoffers' op 10 Downing Street en oare plakken oer de flier.
Yn 1874 waard er opnaam as lid yn de Royal Institute of Painters in Water Colours. Hy eksperimintearre mei ferskaat oan media, lykas mozayk fan Leonardo da Vinci yn it Victoria en Albert Museum, mar hy wie in master yn it houtfykjen; Lalla Rookh is faaks syn meast slagge wurk wat konseptuearring, sizzingskrêft en technyske finesse oanbelanget.
Njonken syn wurk foar Punch en oare blêden wurke John Tenniel as boekyllustrator. Hy mocht ek graach mei oaren oparbeidzje oan ferskate projekten, mar syn grutste ferneamdens hjoed de dei hat er yn it foarste plak te tankjen oan de earste yllustraasjes fan Alice's Adventures in Wonderland.
Tenniel (sûnt 1893 Sir John, op foardracht fan premier Gladstone) joech syn wurk foar Punch oer yn 1901. Hy ferstoar yn 1914.
Galery
Alice boartet mei it hûntsje
The Jabberwock, yllustraasje fan John Tenniel foar Lewis Carroll syn Through the Looking-Glass.
Davy Jones' Locker, 1892 cartoon yn Punch
Dropping the Pilot, 1890 cartoon yn Punch, kommentaar op Otto von Bismarck syn ûntslach
The Nemesis of Neglect, 1888 Punchcartoon, kommentaar op de moarden fan Jack the Ripper