John Collier boaske yn 1879 oan Marian Huxley, in dochter fan de biolooch Thomas Huxley, Fellow of the Royal Society, de Britske Akademy foar Wittenskippen. Sy wie ek skilderes, studearre oan de Slade School en oan de Royal Academy. Sy krigen in dochter, Joyce, wêrnei't Marian in post-natale depressy krige. Sy stoar yn 1887 yn Parys oan in longûntstekking.
Yn 1889 troude Collier mei Marian har jongere suster Ethel. Mei't sa'n houlik destiids yn Ingelân net tastien wie[2] wie de plechtichheid yn Noarwegen. Ut dit houlik waarden in soan en in dochter berne. Harren soan Laurence Collier wie de Britske ambassadeur yn Noarwegen fan 1941 oant 1951.
Collier wurdt rekkene ta ien fan de bêste portretskilders fan syn tiid, mar hy keas ek faak tema's út de skiednis, de literatuer of de mytology. Hy makke teffens boekyllustraasjes, lykas 32 ôfbylden by romanThe Trumpet-Major (1880) fan Thomas Hardy yn it tydskrift Good Words.[3]