Yn syn libben registrearre Browning 128 patinten wêrfan de earste yn 1879 takend waard foar in ienskotsgewear. Browning hat in grutte ynfloed hân op de ûntwikkeling fan fjoerwapens. Syn hân is noch altiten werkenber yn hjoeddeiske fjoerwapens. John Browning stoar yn 1926 yn Belgje wylst hy foar FN wurke.