Spyri woeks op yn Hirzel oant se yn 1842 mei fyftjin jier by in muoike yn 'e stêd Zürich yn 'e kost gie, sadat se yn 'e stêd nei skoalle koe. As bern brocht se ferskate simmers troch yn 'e neite fan Chur, yn 'e Alpen fan it kantonGraubünden. Letter soe se dat berchlânskip as setting brûke foar in protte fan har wurken. Mids 1844 waard se foar in jier nei Yverdon-les-Bains stjoerd, yn Romanje (Frânsktalich Switserlân) om Frânsk te learen. In jier letter kearde se werom nei Hirzel, dêr't se oant 1852 wenjen bleau. Yn dy tiid holp se har mem by it berêden fan 'e húshâlding en ûnderrjochte se de beide bern dy't ûnder har sieten.
Spyri har mem hie famylje yn Bremen, wylst har man dêre befreone wie mei de abbekaat Hans Heinrich Spöndlin en de pastoar fan 'e LeaffrouwetsjerkeCornelius Rudolph Vietor. Dy lêste besocht Spyri yn Bremen, wylst er sels gauris ôfreizge nei Zürich om by de Spyri's op besite. Syn dochter wenne sels in jier lang by de húshâlding Spyri yn. It wie Vietor dy't Spyri as earste oanfitere om te skriuwen. Fia Vietor publisearre Spyri ek har earste wurk by útjouwerijen yn Bremen. Dêrby gie it om ferskate moralisearjendekoarte ferhalen dy't útbrocht waarden ûnder de inisjalen J.S. en dy't net bysûnder súksesfol wiene. It alderearste, Ein Blatt auf Vrony's Grab, ferskynde yn 1871, mei as ûnderwerp in frou dy't troch har dronkelap fan in man mishannele wurdt, mar har biddend yn har lot skikt, om't har pastoar har dat hjitten hat.
Yn 1875 waard Spyri beneamd yn 'e kommisje foar tafersjoch oer de Züricher Hegere Famkesskoalle, in funksje wêryn't se oant en mei 1892 aktyf bliuwe soe. Mooglik dat se har yn ferbân dêrmei mear op jeugdliteratuer begûn ta te lizzen. Har earste berneboek wie de ferhalebondelHeimathlos, dy't yn 1878 ferskynde by de útjouwerij fan Friedrich Andreas Perthes yn Gotha. Har namme as skriuwster wie weilitten; yn it stee dêrfan stie oanjûn: "fan 'e skriuwer fan Ein Blatt auf Vrony's Grab". Heimathlos wie ek it earste boek dêr't as ûndertitel op stie "In ferhaal foar bern en ek foar dyselden dy't fan bern hâlde"; neitiid kaam dat op frijwol alle publikaasjes fan Spyri te stean.
Yn april2010 kaam de Switserske germanist Peter Büttner mei de beskuldiging dat Spyri it ferhaal fan Heidi fierhinne oernommen hie fan in earder, folle minder bekend ferhaal, Adelheide: Das Mädchen vom Alpengebirge, út 1830, fan 'e Dútske skiednislearaarHermann Adam von Kamp. Neffens Büttner diele beide ferhalen withoefolle oerienkomsten wat sawol plotûntjouwing as beskriuwende tekstdielen oanbelanget. Regine Schindler, in biografe fan Spyri, sei dat it skoan koe dat Spyri al jong bekend wie mei Adelheide, mei't se opgroeid wie yn in húshâlding dêr't gâns boeken lêzen waarden. De betichting fan plagiaat, dy't Büttner op it aljemint brocht, roert lykwols igge noch seame, mei't auteursrjocht yn 1830 noch net bestie, en dus plagiaat ek net. Boppedat die bliken, doe't ekspêrs har neitiid yn 'e kwestje ferdjippen, dat Büttner in protte oerflakkige oerienkomsten oanfierde dy't wierskynlik op tafal berêsten, wylst er in protte yngeande ferskillen op it mêd fan plot en personaazjes alhiel bûten beskôging litten hie. Syn metoaden waarden doe omskreaun as "ûnwittenskiplik". De oerienkomst yn ûnderwerp fan 'e beide wurken wurdt ferklearre út 'e saneamde 'Switserske sykte', in ûnwennigens nei de bergen yn lju dy't dêrwei ferfearn wiene, en dy't al yn 'e achttjinde iuw in tige algemien tema yn 'e Switserske literatuer wie. Büttner wie trouwens lang net de earste dy't beskate oerienkomsten tusken Heidi en Adelheide opmurk.
Lêste jierren en dea
Yn 1886 sette Spyri, dy't doe ûnderwilens al trije jier widdo wie, har nei wenjen yn in rom hûs oan 'e Zeltweg yn Zürich, dêr't se oan har ferstjerren ta wenjen bleau. De lêste fiifentweintich jier fan har libben skreau hja in protte, mar it súkses fan Heidi koe hja nea wer belykje. Spyri reizge yn dy tiid ek in soad, en teffens ûnderhold se in libbene briefkerij mei ferskate freonen en bekenden. Nei't se yn 1901 oanhelle rekke wie mei kanker, liet se har behannelje troch de earste froulike dokter yn Switserlân, Marie Heim-Vögtlin. Doe't se úteinlik oan har sykte beswiek, waard se op it Friedhof Sihfeld yn Zürich begroeven.
1882 – Kurze Geschichten für Kinder und auch für Solche, welche die Kinder lieb haben (ferhalebondel)
Beim Weiden-Joseph
Rosen-Resli
Der Toni von Kandergrund
Und wer nur Gott zum Freunde hat, dem hilft er allerwegen!
In sicherer Hut
1883 – Zwei Volksschriften (ferhalebondel foar folwoeksenen)
Ein goldener Spruch
Wie einer dahin kam, wo er nicht hin wollte
1883 – Wo Gritlis Kinder hingekommen sind (1e diel fan 'e roman Gritlis Kinder)
1884 – Gritlis Kinder kommen weiter (2e diel fan 'e roman Gritlis Kinder; neitiid ornaris yn ien bân útjûn)
1885 – Aus dem Leben eines Advocaten
1886 – Kurze Geschichten für Kinder und auch für Solche, welche die Kinder lieb haben: Zweiter Band ()
Moni der Geissbub
Was der Grossmutter Lehre bewirkt
Vom This, der doch etwas wird
Am Felsensprung
Was Sami mit den Vögeln singt
1887 – Was soll denn aus ihr werden? Eine Erzählung für junge Mädchen
1888 – Artur und Squirrel
1888 – Aus den Schweizer Bergen (ferhalebondel)
In Hinterwald
Die Elfe von Intra
Vom fröhlichen Heribli
1889 – Was aus ihr geworden ist: Eine Erzählung für junge Mädchen (yn 1956 bewurke troch Charlotte Gottschalk ta Was aus Dori geworden ist)
1890 – Einer vom Hause Lesa (letter ek útjûn yn twa dielen as Die Kinder vom Lesahof: Dat Lied des Berges en Stefeli: Weitere Schicksale der Kinder vom Lesahof)
1890 – Cornelli wird erzogen
1891 – Volksschriften von Johanna Spyri: Zweiter Band (ferhalebondel foar folwoeksenen)