Hy studearre yn Lausanne (1729) en Basel (1730) en fan 1735 oan 1737 yn Marburg ûnder superfyzje fan Christian Wolff de filosofy fan Leibniz. Dêrnei gie er werom nei Bern en yn 1738 nei Parys. Yn 1744 waard er foar tsien jier út Bernferballe, om reden fan it tekenjen fan in polityk pamflet. König krige in oanstelling as heechlearaar wiskunde en filosofy oan de Hegeskoalle fan Frjentsjer.[1] Fan 1749 oant 1751 wie er bibliotekaris fan steedhâlderWillem IV. Yn 1751 waard er lid fan de Prusyske Akademy fan Wittenskippen en ferfoer er nei Berlyn.