Joe Cephis Fortenberry (Leo, 1 april 1911 - Amarillo, 3 juny 1993) wie in Amerikaansk basketballer.
Yn 1936 makke Fortenberry diel út fan it Amerikaansk basketbalteam dat meidien hat oan de Olympyske Spullen yn Berlyn. By dit toernoai spile er twa wedstriden, ynklusyf de finale, en skoarde hy njoggenentweintich punten. Hy wie ien fan de earsten dy't dunkte by it basketbal. (In dunk is yn it basketbal in aksje wêrby't in spiler in hege sprong makket en de bal dan yn'e basket slacht, en dêrmei in doelpunt makket.)
Nei de Olympyske Spullen spile Fortenberry fiif seizoenen by de Phillips 66ers. Joe Fortenberry ferstoar op 3 juny 1993, yn 'e âldens fan 82 jier.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|