Syn buro Kemna Casting selektearret de akteurs foar in grut part fan alle films, searjes, teäterproduksjes, musicals en bedriuwsfilms dy't yn Nederlân makke wurde. Teffens wie hy inisjator en ien fan de produsinten fan de spylfilmhit Alles is Liefde, produsint fan de telefyzjesearje't Schaep met de 5 pooten, en regisseur en kreätive produsint fan de Net 5 searje S1ngle.
Op 7 novimber 2017 makke Gosschalk buorkundich te stopjen as produsint en regisseur fanwegen ferskate klachten oer seksuële yntimidaasje en machtsmisbrûk. Hy joech ta dat er oer grinzen gien wie.[1][2]
Under oaren Yorick van Wageningen, Winston Post en Bart Spring in 't Veld kamen, yn de neisleep fan de misbrûkaffêre om Harvey Weinstein hinne en de MeToo-beweging, mei harren ferhaal nei bûten.[3] Gosschalks wurkjouwer, Kemna Casting, seit der hiel wis fan te wêzen naet fan it misbrûk witten te hawwen yn de tiid dat it spile en is fan doel alle bannen mei Gosschalk te ferbrekken.