It Joadske Begraafplak It Oranjewâld is it twadde joadsk begraafplak dat yn de gemeente It Hearrenfean oanlein waard. It leit by it doarp It Oranjewâld en is frij tagonklik. Yn 1883 waard de grûn dêrfoar oankocht mei jild út in donaasje fan de famylje Rothschild. Der steane sa'n 30 sarken.