Jimmy Dijk
|
|
Jimmy Dijk en Lilian Marijnissen, septimber 2023
|
Algemien
|
Berne |
3 novimber 1985
|
Berteplak |
Hefshuzen by Aldesyl
|
Funksje |
Twadde Keamerlid
|
Partij |
Sosjalistyske Partij
|
Politike funksjes
|
2010–2023 |
Gemeenteriedslid yn Grins
|
2013–2023 |
Fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Grins
|
2023–no |
Lid Twadde Keamer
|
2023–no |
Fraksjefoarsitter Twadde Keamer
|
2023–no |
Polityk lieder SP
|
J.P. (Jimmy) Dijk (Hefshuzen, by Aldesyl, 3 novimber 1985) is in Nederlânsk politikus. Sûnt 20 april 2023 is hy lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar de Sosjalistyske Partij (SP). Op 13 desimber 2023 folge hy Lilian Marijnissen op as foarsitter fan de SP-fraksje yn it parlemint en polityk lieder fan syn partij. Earder wie Dijk gemeenteriedslid yn de gemeente Grins (2010-2023).
Wurkpaad
Dijk is hikke en tein yn Aldesyl yn it noarden van de provinsje Grinslân en folge middelber ûnderwiis oan it Hogeland Kolleezje yn Warffum. Sûnt syn achttjinde wenne er yn de stêd Grins, dêr 't er sosjology studearre. Yn en nei syn stúdzje wurke hy yn it kartonfabryk yn Hoogkerk. Nei it heljen fan syn bachelor wurke hy as barman yn in ytkafee.[1]
Yn septimber 2010 waard er gemeenteriedslid foar de SP yn Grins, as tuskentiids opfolger fan de tebekstapte âlde rôt Peter Verschuren. Yn jannewaris 2013 folge Dijk Eelco Eikenaar op as foarsitter fan de SP-fraksje yn de Grinzer ried.[2] Yn Grins makke hy him ûnder oare sterk foar hierders yn minne wenomstannichheden.[3] Troch kollega-riedsleden waard hy priizge om syn besieling, kennis fan saken en earlikheid.[1]
Neist syn riedswurk wie Dijk as opliedingsmeiwurker en (lanlik) kampanjelieder yn tsjinst fan de SP. Hy is boppedat lid fan it partijbestjoer.[4] By de Twadde Keamerferkiezings 2021 stie hy as tsiende op de kandidatelist. Trochdat de partij njoggen sitten helle, waard hy net keazen. Yn april 2023 kaam hy lykwols dochs noch yn de Keamer, as opfolger fan Maarten Hijink dy ‘troch priveeomstannichheden út it parlemint gie.[5] Dijk is út namme fan syn fraksje wurdfierder op it beliedsterrein sûnenssoarch. Hy sette him nei syn oantreden ûnder oare yn foar it iepenbliuwen fan sikehûzen yn Sutfen, Heerlen en in tal oare plakken yn Nederlân.[6][7]
By de Twadde Keamerferkiezings 2023 krige er it fjirde plak op de kandidatelist fan de SP, wêrtroch't er opnij keazen waard. Nei it tebektreden fan Lilian Marijnissen yn desimber 2023 folge Dijk har op as fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer.[8]
Ferkiezingsútslaggen
Lanlike ferkiezings
Ferkiezings
|
Plak Dijk
|
Sitten SP
|
Oantal stimmen
|
Twadde Keamerferkiezings 2017
|
35 Twadde Keamerferkiezings 2017 (list SP)
|
14
|
1.086
|
Twadde Keamerferkiezings 2021
|
10 Twadde Keamerferkiezings 2021 (list SP)
|
9
|
1.757
|
Twadde Keamerferkiezings 2023
|
4 Twadde Keamerferkiezings 2023 (list SP)
|
5
|
2.633
|
Lokale ferkiezings
Ferkiezings
|
Plak Dijk
|
Sitten SP
|
Oantal stimmen
|
Gemeenteriedsferkiezings 2010 yn Grins
|
9
|
4
|
90
|
Gemeenteriedsferkiezings 2014 yn Grins
|
1
|
6
|
5.988
|
Provinsjale Steateferkiezings 2015 yn Grinslân
|
30
|
8
|
161
|
Gemeenteriedsferkiezings 2018 yn Grins
|
1
|
5
|
4.622
|
Gemeenteriedsferkiezings 2022 yn Grins
|
1
|
4
|
4.759
|
Provinsjale Steateferkiezings 2023 yn Grinslân
|
29
|
2
|
|
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
Referinsjes
- ↑ 1,0 1,1 Wordt Jimmy Dijk (38) uit Groningen de voorman van de SP? 'Jimmy is voor niets en niemand bang', Deiblêd fan it Noarden, 12 desimber 2023.
- ↑ SP fraksjefoarsitter Grins ferlit gemeenteried, GIC.nl, 11 desimber 2012. Argivearre op 22 april 2023.
- ↑ Anti-schimmelbrigade om problemen in Groningen op te lossen, Deiblêd fan it Noarden, 9 maaie 2018. Argivearre op 23 april 2023.
- ↑ Jimmy Dijk (SP) verruilt Groningse raad na 12,5 jaar voor Tweede Kamer, OogTV, 18 april 2023. Argivearre op 25 april 2023.
- ↑ SP-Kamerlid Maarten Hijink stopt ermee vanwege wissel op gezinsleven, NOS.nl, 18 april 2023. Argivearre op 25 july 2023.
- ↑ Zorgen in Tweede Kamer over ziekenhuis in Zutphen: ‘Ik roep mensen op naar Den Haag te komen’, De Stentor, 27 april 2023.
- ↑ Motie om volwaardig ziekenhuis in Heerlen te behouden aangenomen: ‘Tweede Kamer schaart zich achter alliantie’, De Limburger, 27 oktober 2023.
- ↑ 'Straatvechter' Jimmy Dijk nieuwe fractieleider SP, moet partij uit dal halen, NOS.nl, 13 desimber 2023.
|