Jens Juel waard learling fan Johann Michael Gehrman yn Hamburch, gie dêrnei nei de Keninklike Deenske Keunstakademy yn Kopenhagen, dêr't er, nei in seisjierrich ferbliuw yn Itaalje en Switserlân, hofskilder, lid, dan professer en úteinlik direkteur waard.
Jens skildere karakteristyk opsette portretten yn noflik oandwaande kleuren, dêr't in hast libbensgrut ôfbyld fan de kopergraveur Clemens, Klopstock en Kristian VII fan Denemark ûnder binne. Fierders skildere er ek lânskippen en sjenrestikken.