De Japanske Binnensee (Japansk: 瀬戸内海, Seto Naikai, 'Seto Binnensee') is de namme fan de ûndjippe binnensee dy't de eilannen Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû, de trije haadeilannen fan Japan, fan elkoar skiedet.
Oan de 7000 km lange kust wenje likernôch 35 miljoen minsken, sa'n 27% fan de befolking fan Japan.
Der lizze sa'n 3000, meast net bewenne, eilannen yn de Japanske Binnensee. Yn it noardeasten leit it grutste eilân, Awaji.
De eilannen Honsjû en Sjikokû binne troch trije brêgesystemen mei elkoar ferbûn. De meast noardlike fan dy brêgen is de Akashi-Kaikyo-brêge - de langste hingbrêge fan de wrâld - oer de Strjitte fan Akashi. Yn it suden lizze de trije Kurushima-Kaikyo-brêgen.
De brêgen eksploitearre troch de Honshu-Shikoku Bridge Expressway Company Limited. [1]
Toerisme
De kusten fan de Japanske Binnensee foarmje in grutte toeristyske trekpleister. Al foardat bûtenlanners Japan yn mochten wie de skientme fan de see ferneamd en waard sy priizge en besongen.
It grutste part fan de see heart no ta it nasjonale park fan Setonakai (瀬戸内海国立公園, Setonaikai Kokuritsu kōen). Dit park wie ien fan de earste nasjonale parken fan Japan, stifte op 16 maart 1934.