Piebenga wie in soan fan bakker Tjitte Piebenga, en stamt út in húshâlding fan 12 bern. Fan jongsôf hie er in soad niget oan lêzen. Nei de MULO kaam er op kantoar, mar yn 1929 helle er syn ûnderwizersakte.
Hy wie in skoftke ûnderwizer yn Nijemardum en haad fan de Legere Skoalle yn Aldegea SWF.
Yn 1940 hat er efkes foaroanman fan de Fryske ôfdieling fan de Nederlandsche Unie (dy't fral oprjochte wie om de NSB de wyn út de seilen te nimmen) west, letter die er alderhanne fersetswurk en waard er redakteur fan it yllegale blêd ‘De Wachter’. Hy wie sûnt 1943 redakteur fan de Leeuwarder Koerier en nei de oarloch haadredakteur fan de Ljouwerter Krante.
Hy wie in freon fan de skilder Jacob Ydema, dy't him ôfbylde en betocht yn in gedicht. Aldegea SWF, Ljouwert en Frjentsjer is in strjitte nei him neamd.
Wurk
1935 It wrede libben (koarte ferhalen)
1937 Fryske tragyk (essay)
1938 Waerglês (gedichten)
1938 Het goed recht van de Friese beweging (brosjuere)
1938 Frysk lêsboek I en II (skoalblomlêzing: 21957)
1938 De útsetter (mei H. Twerda; taalboek L.U.; 21947)