Johannes Marinus Antonius (Jan) Teulings (Hilversum, 29 maaie 1905 - Rotterdam, 22 septimber 1989) wie in Nederlânsk akteur en filmregisseur.
Nei de MULO krige Teulings ûnderrjocht yn keunstskiednis en literatuer fan Wijnand Frans. Fia Frans krige er kontakt mei it selskip De Rotterdammers fan Louis Chrispijn dêr't er yn it seizoen 1923/1924 syn debút op de planken makke. Hoewol't er dêrnei by in protte selskippen optrede, kaam er earst mids jierren tritich echt op 'e gleed. Hy bleau tonielspyljen oant er yn 1977 nei Switserlân ferfear. Dêrnei hat er folle mear op de planken stien.
Teulings waard it meast bekend fan syn protte optredens foar telefyzje, yn searjes en spullen. Yn de jierren 1967-1969 spile er tolve kear de rol fan ynspekteur Maigret yn 'e telefyzjerige mei deselde namme (dy rol waard earder spile trochge Kees Brusse). Fierder wie er te sjen yn hast alle searjes fan regisseur Willy van Hemert. Yn de jierren tachtich spile er syn lêste rollen yn bewurkings fan ferhalen fan Herbert Reinecker. Teulings stoar yn de âldens fan 84 jier en waard kremearre yn Rotterdam.
Yn Amstelfean is in loane nei him neamd: de Jan Teulingslaan.
Telefyzje
Filmografy
Keppeling om utens