Jan Jelles Hof (De Gaastmar, 27 oktober 1872 - Ljouwert, 13 febrewaris 1958) wie in Frysk skriuwer, oersetter en sjoernalist.
Hy waard berne yn De Gaastmar as soan fan in skipper. Hy waard letter beropssoldaat en wurke as sjoernalist oan it Nieuwsblad Friesland, as haadredakteur by it Leeuwarder Nieuwsblad en wie redakteur fan Frysk en Frij (1945).
Hy hie in soad spul as lid fan de Fryske Beweging. Hie û.o. striidskriuwerij mei Douwe Kalma.
Mei O.H.Sytstra in treflik kenner fan de Fryske folkstaal.
Yn 1933 publisearre er de Friesche Dialectgeographie, in stúdzje dy't de Fryske dialektgrinzen yn kaart brocht op basis fan syn eigen fjildûndersyk.
Under de skûlnamme 'Jan fen'e Gaestmer' skreau er poëzij.
Bibliografy
poëzij:
- Klankboarne (1906) (fermeardere werprintinge: Fan eigen Tiid en Folk, 1951)
proaza:
- Omstikken en Sydstikken (1907)
- De Greate Striid (1916)
skoalboek:
oersettings:
ferskaat
- Nieuwe Friesche Spraakkunst ( mei O.H. Sijtstra, 1925)
- Friesche dialectgeographie (1933)
- Fjirtich Jier Taelstriid (1943) 4 dielen, 1940-1942
- Dit en dat oer it Stedsk (1956)
- brosjueres en artikels
Oer Hof en syn wurk
Douwe Kalma (1943)
J. Tj. Piebenga (1957)
Keppeling om utens