Jan Bogtstra (Frjentsjer, 22 maart 1824 - dêre, 7 april 1916) wie in Frjentsjerder sakeman en politikus dy't in soad foar de stêd betsjutten hat.
Hy die dat yn in ferskaat oan maatskiplike funksjes:
- Sa is hy ien fan de oprjochters fan de PC (1853), 40 jier bestjoerlid wêrfan 14 jier foarsitter
- Oprjochter fan Fanfarekorps De Harmonie (1863) - aktyf lid
- Inisjatyfnimmer oprjochting fan de Iisclub (1866)
- Lid Gemeenteried Frjentsjer (1859 oant 1879)
- Siktaris Keamer fan Keaphannel
- Ponghâlder Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse
- Regint fan it tehûs foar Swaksinnegen
- Earelid fan Keatsferiening Jan Bogtstra, NKB, Belgysk Keatsbûn ("La Sociéteé Royale du jeu de petite Balle au Tamis")
- Earefoarsitter fan de PC
- Belêstingynspekteur
Saaklik:
- Hannel yn wyn en sterke drank, tabaksnijerij,
- Ferskeringsman