Jamestown bestiet min ofte mear út in haadstrjitte dy't tusken twa steile hichte rint en dy't de natuerlike haven mei it oarepart fan it eilân ferbynt. Ein jierren 90 hie de stêd sa'n 850 ynwenners, mar yn 2016 wiene dat der noch 630.
De stêd spile yndertiid in rol yn it bestriden fan de slavehannel troch de Britske marine, de Royal Navy.
It besjen wurdich
Ut de stêd wei rint in steile trep fan 183 meter en 699 treden omheech nei de top fan Ladder Hill. De trep út 1829 hjit 'Jakob's ljedder' nei de Jakobsljedder út de Bibel. De stêd hat ek in museum foar skiednis en kultuer fan Sint-Helena, it Museum Sint-Helena.
Alle jierren wurdt der in hurdrinwedstriid holden oer de trep. Boppe-oan Ladder hill leit de bûtenwyk Half Tree Hollow.