It Muzyk Giet troch de Buorren is in tige bekend Frysktalich folksferske, dat generaasjes Fryske bern op 'e skoalle leard hawwe. It waard yn 1950[1] makke troch Paulus Folkertsma (1901-1972) dy't sawol de liettekst skreau as de meldij komponearre.[2] Oarspronklik wie de titel stavere as It Mesyk Giet troch de Buorren. It is in koart liet, dat as kanon songen wurde kin.
Tekst
- It muzyk giet troch de buorren
- It is allegearre folk
- Rom-bom-bom, rom-bom-bom slacht de tromme
- Dêr begjint it al:
- "Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!"
- Alle jonges, alle famkes
- Sjonge mei. 't Is in lust,
- Hast ús hiele lytse doarpke dat is op 'en baan!
Boarnen, noaten en referinsjes