In ikonostaze is in lewant gearstald út ikonen yn de Eastersk-otterdokse tsjerken. De alterromte wurdt troch de ikonostaze ôfskerme foar de eagen fan de gewoane leauwigen. De alterromte, it 'alderhilligste', mei allinne troch de preester, diaken en altertsjinner berûn wurde. Yn de westerske tsjerke hat de ikonostaze syn tsjinhinger yn it doksaal of it koarstek.