I Want to Break Free is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1983 en útbrocht op it album The Works fan Queen út 1984. I Want to Break Free wie it sechsde nûmer op it album en waard op 2 april 1984 útbrocht as twadde single fan it album.
Oer it nûmer
I Want to Break Free waard skreaun troch John Deacon, De singleútfiering is justjes langer as de albumferzje op The Works, eat dat meastal oarsom it gefal is. De humoristyske fideoclip fan it liet iepenet mei bylden fan in typysk Ingelske folksbuert, as in parody op de Britske soap Coronation Street. De manlju fan Queen ferskine ferklaaid as typyske Britske húsfroulju, dy't dwaande binne mei it húshâlden.
Muzikanten
- Freddie Mercury – Sang
- Brian May – Gitaar
- John Deacon – Bas & Toetsen
- Roger Taylor – Drums
Gastmuzikanten