I Want It All is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1988 en útbrocht op it album The Miracle fan Queen út 1989. I Want It All wie it fjirde nûmer op it album en waard op 2 maaie 1989 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer
I Want It All waard skreaun troch Brian May en giet oer it hawwen fan ambysjes en it fjochtsjen foar dyn eigen doelen. Yn de fideoclip is te sjen hoe't de band optreedt yn in studio. It waard regissearre troch David Mallet en filme yn de Elstree Studios, Hertfordshire yn maart 1989. Freddie Mercury's sûnens wie al tige min doe't de opnamen fan de fideo plakhiene, en Mercury trede yn de fideo op mei alle enerzjy dy't er noch hie.
Muzikanten
- Freddie Mercury – Sang
- Brian May – Gitaar
- John Deacon – Bas & Toetsen
- Roger Taylor – Drums