Huitzilopochtli (Kolibry út it suden/fan links) wie de Azteekskekriichs- en sinnegod, en beskermer fan de stêd Tenochtitlan. Syn mem wie de goadinne Koatlikue, de heit in bal fearren (of neffens guon ferhalen Mikskoatl).
Myte
De suster fan Huitzilopochtli, Koyolksauhkwui, besocht Koatlikue te fermoardzjen omdat sy op skandlike wize (troch in fearkebal) swier rekke wie. Op dat stuit sprong Huitzilopochtli út it limoer fan syn mem en fermoarde Koyolksauhkwui. Doe't Koatlikue him dúdlik makke dat Koyolksauhkwui it goed bedoelde, smiet Huitzilopochtli har holle de loft yn en feroare sy yn de moanne.
Huitzilopochtli ferlear yn de striid mei in grut seemeunster ien fan syn skonken. Sûnt dy tiid hat de god mar ien skonk.
Azteekske prysters fan syn kultus filen harren tosken en droegen harren hier op deselde wize as harren god lykas dat op ôfbylden hat. Dit alles kombinearre mei it feit dat se donkerblauwe en swarte mantels droegen soarge foar in frijwat beëangstigjend oansjen.
Hy waard faak ôfbylde as in kolibry (somtiids as minsk mei kolibry-fearren) mei in swarte holle, wylst hy in spegel en in slange fêsthâldt.