As direkteur fan 'e Nationalgalerie kocht Von Tschudi benammen Frânske stikken oan, mei't Frânske keunstners, lykas Manet, Renoir, Monet en Gauguin om 'e iuwwiksel hinne de ynternasjonale keunstwrâld behearsken. Likegoed fielden Dútske keunstners har passearre. Underwilens hie Von Tschudi op eigen kosten Guiguin syn kontroversjele skilderij De Berte fan Kristus oanskaft, in wurk wêrfan't de ferminging fan it hillige mei it wrâldske yn dy tiid oer it algemien net wurdearre waard, om it mar sêft út te drukken. Doe't Von Tschudi it yn 1908 bestie om dat skilderij yn 'e Nationalgalerie tentoan te stellen, waard er troch keizer Willem II út syn funksje as museumdirekteur ûntslein.
Von Tschudi fûn lykwols daliks in nije posysje, as direkteur fan 'e Neue Pinakothek, yn München, yn it keninkryk Beieren, dêr't er oant syn dea wurksum bliuwe soe. Hy naam Gauguin syn skilderij mei dêrhinne, en De Berte fan Kristus is hjoed de dei ien fan 'e topstikken fan 'e kolleksje fan 'e Neue Pinakothek. Troch Von Tschudi syn aktiviteiten waard der yn München ek in ymposante samling oare ympresjonistyske en post-ympresjonistyske keunstwurken gearbrocht, wêrûnder 44 skilderijen, 9 byldhouwurken en 22 tekenings. Von Tschudi stoar yn 1911 yn Stuttgart, doe't er 60 jier wie.