De Hughes H-4 Hercules, mei de bynamme Spruce Goose ('Fjurrenhouten Goes'), is in fleanboat ûntwurpen en boud troch Howard Hughes syn Hughes Aircraft company. It wie ornearre foar transatlantysk ferfier yn de Twadde Wrâldoarloch, mar it wie net op tiid klear.
De fleanboat waard foar it grutste part makke fan hout, lykwols nettsjinsteande syn bynamme fan bjirkehout, om aluminium te besparjen. De earste en iennige flecht dy't it tastel makke wie op 2 novimber1947. It wie it grutste tastel dat oant doe ta boud waard en oant de dei fan hjoed is de H-4 Hercules it fleantúch mei de grutste fleugelspanwiidte dat ea flein hat.