Het Behouden Huys is de namme fan in hûs dat boud waard yn septimber 1596 op Nova Sembla mei wrakhout fan it skip fan Willem Barentsz, wêrmei er hope hie Ynje te berikken.
It skip rekke lykwols fêst yn it iis en men moast Het Behouden Huys bouwe om oerwinterje te kinnen. Nei de winter waard in sloep boud fan in part fan it skip.