Henri Polak wie in soan fan Moses Polak en Marianna Smit. Op 9 augustus 1888 boaske er Emily Nijkerk (1868-1943). Hy wie leauwich joadsk.
Polak waard ferneamd as oprjochter (1894) en foarsitter (1894-1940) fan it Algemiene Nederlânske Diamantbewurkers Bûn en fierders troch syn krewearjen foar de oprjochting fan it NVV (yn 1905 in feit) dêr't er oant 1908 de earste foarsitter fan wie.