De gedichten fan Hendrik de Vries waarden yn het literêre tydskrift Het Getij publisearre. De Vries wie in iere surrealist. Hy wie anty-boargerlik ynsteld en preke fitaliteit. It ûnderbewuste spile in krúsjale rol yn syn poëzy.
De Vries fûn in soad ynspiraasje yn de Spaanske wrâld en kultuer en fielde him dêr sa mei ferbûn, dat er in protte gedichten (benammentlik koplas) yn it Spaansk skreaun hat.
De Vries syn gedicht Een schatrijke tuin waard 2000 (en yn in nije ferzje yn 2006) op in muorre yn de Aloëlaan yn Leien oanbrocht, ien fan de mear as hûndert muorregedichten yn Leien.