Hein Mader (Willendorf in der Wachau, 9 maart1925 - Mantgum, 31 oktober2011) wie in keunstner út Tsjeintgum, in útbuorren dy't ûnder Mantgum falt. Hy makke metershege bylden fan stien en stiel dy't steane yn byldetunen yn Mantgum en Menaam. Der wiene ûnder oare plannen foar sa'n tún op It Amelân en by Menaam, mar dy binne der nea kaam. Hy is fan Eastenryksk komôf en wenne sûnt 1989 yn Fryslân. Yn 1960 kaam er nei Nederlân fanwegen in faam.[1] Yn binnen- en bûtenlân stean keunstwurken fan him.