Linthorst Homan wenne yn syn jeugd op it famyljelângoed Overcinge yn Havelte. Hjirnie folge er yn Assen it gymnasium, en studearre fan 1924 - 1929 rjochten oan de Ryksuniversiteit Leien. Fan 1929 - 1935 wie hy abbekaat, yn in praktyk mei syn broer Hans Linthorst Homan. Hjirnei waard er direksje-sekretaris by Philips. Hy die mei oan it ferset en drige yn 1942 arrestearre te wurden. Nei in flecht fia Belgje, Frankryk en Spanje kaam hy yn 1943 yn it Feriene Keninkryk. Linthorst Homan waard amtner op it ministearje fan Binnenlânske Saken fan it Nederlânske regear yn ballingskip, en waard sous-chef fan it Militêr Gesach. Yn dy funksje moast hy syn broer Hans yn 1945 meediele dat dizze staakt wie yn syn funksje as kommissaris fan de keninginne fan Grinslân.
Yn de hjerst fan 1945 frege Louis Beel him kommissaris fan de kenininginne yn Fryslân te wurden. Linthorst Homan wegere, omdat hy fûn dat hy dêr as Drint nei op syn plak wie. Doe't der nochris mei klam in berop op him dien waard, stimde hy ta, mar allinnich as hy in proeftiid krije soe fan twa jier. De Friezen wienen lykwols wiis mei him, en hy soe úteinlik 25 jier yn funksje bliuwe. Hy waard opfolge troch Hedzer Rijpstra.
Hy ferstoar op 83-jierrige leeftiid en leit begroeven yn in famyljegrêf by de Herfoarme Tsjerke fan Havelte. Nei him is in slûs neamd yn it rivierke de Linde, de Mr. H.P. Linthorst Homanslûs.