Yn 1987 naam News Corp de Amerikaanske útjouwerij Harper & Row oer, dat in fúzje wie fan Harper & Brothers (oprjochte yn 1817) en Row, Peterson & Co. Nei't yn 1989 ek de Britske útjouwerij William Collins, Sons (oprjochte yn 1819) yn it besit fan News Corp kaam, waarden de beide útjouwerijen mei-inoar fúzjearre ta ien bedriuw, dat de namme fan HarperCollins Publishers krige. It logo fan it nije bedriuw wie ek in gearstalling fan it toartslogo fan Harper & Row en it fonteinlogo fan William Collins, Sons, en pleatst de flammen fan 'e toartse op 'e weagen fan 'e fontein.
In oare bekende ymprint fan HarperCollins is HarperVoyager, foarhinne bekend as Voyager, de wrâldwide science fiction- en fantasy-ymprint fan 'e útjouwerij. Dêryn is de Britske ymprint HarperCollins Science Fiction & Fantasy kombinearre mei de Amerikaanske ymprint Eos, dy't earder ûnderdiel útmakke fan Avon Books. Fia HarperCollins Science Fiction & Fantasy, dy't Tolkien syn oarspronklike útjouwer George Allen & Unwin oernommen hie, hat HarperVoyager tsjintwurdich û.m. de rjochten op The Hobbit en The Lord of the Rings yn 'e hannen.