Hanna Beata Gronkiewicz-Waltz (Warsjau, 4 novimber1952) is in Poalsk liberaal-konservatyf politika dy’t boargemaster fan Warsjau wie fan 2 desimber 2006 oant 2018. Se wie de earste frou ea dy’t dy posysje ynnimt.
By de gemeenteferkiezings fan 2006 yn Warsjau wie Gronkiewicz-Waltz de kânshawwer foar it boargemasterskip fan Warsjau út namme fan partij. Op 12 novimber fan dat jier krige se 34,23% fan de stimmen, wêrmei't se twadde waard, krekt efter de eardere Minister-presidint fan Poalen, Kazimierz Marcinkiewicz. Omdat gjin fan beide mear as de helte fan de stimmen krige wie der in twadde ferkiezingsomloop nedich. Dy wie op 26 novimber; Gronkiewicz-Waltz krige doe 53,18% fan de stimmen.
It belied fan Gronkiewicz-Waltz is oars as dat fan har foargonger. Sa liet se in homoparade yn de haadstêd ta. Under it bewâld fan har foargonger Lech Kaczyński waarden dy ek wol tastien, mar dat barde al altiten ûnder grutte wjerstân fan de boargemaster.