Lykas oare plakken mei de namme Hall(e) is de stêd ta bloei kaam troch de sâltsiederij. De namme Halle wiist op in iere Keltyske delsetting, omdat 'halen' yn it Welsk en Bretonsk 'sâlt' betsjut. 'Saale' hat ek woartels yn it Alddútsk en tsjut ek op 'sâlt'. De saltwinning moat al yn de Brûnstiid oan de gong west hawwe (2300-600 f.Kr.). De stêd wurdt foar it earst yn 806 neamd. Yn dy tiid, fan Karel de Grutte, wie Halle in sintrum fan de sâltwinning.
Under de DDR wie Halle fan belang fanwege de gemyske yndustry. Sûnt it byelkoar gean fan East- en West-Dútslân leit de stêd har ta op de technologyoriïntearre bedriuwstakke, de multimedia en de itensguodyndustry: de âldste sûkelarjefabryk fan Dútslân is yn Halle festige.
De earste elektryske tramline fan Europa waard 1890 yn Halle iepene en foar it spoar is Halle in wichtich knooppunt.