Haadwurden binne in wurdsoarte. Mei haadwurden beneame wy de wrâld om ús hinne; it binne de wurden/nammen foar minsken, bisten, planten, dingen en abstrakte begripen, lykas: Eekma, Jeltsje, bakker, hurdfytser, beam, iik, stien, boerelienbank, definysje, slûgens, hearlikheid. Haadwurden kinne selsstannich foarkomme en oare wurdsoarten passe har, troch bûging of morfology, oan it haadwurd oan. Haadwurden kinne in meartal hawwe of ferlytse wurde. Troch in s ta te heakjen oan it haadwurd kin men in besitsferhâlding oanjaan Haadwurden binne ûnder te ferdielen yn:
- eigennammen: Jan, Tjerk, waadsee;
- stofnammen: fleis (wy ite hjoed fleis);
- foarwerpnammen: man, frou, bern;
- sammelnamme: berchte, wâld.
Keppeling om utens