Utslaggen fan de Grutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2021 yn Monza op 12 septimber 2021.
It wie de fjirtjinde race fan 22 races fan de Formule 1 yn 2021. Hy waard op Monza hâlden. De race waard hâlden oer 53 omgongen, op it 5.8 km lange sirkwy foar in raceôfstân fan 307 kilometer.It wie it twadde GP-wykein dêr 't in sprintkwalifikaasje ferriden waard.
Kwalifikaasje systeem
De Grutte Priis fan Itaalje 2021 wie it twadde GP-wykein dêr 't in sprintkwalifikaasje ferriden waard. In sprintkwalifikaasje is hast itselde as in normale race, mei as grut ferskil dat de wedstriid minder lang duorret.
De sprintkwalifikaasje is likernôch 100 kilometer en sil dêrtroch om de 25 à 30 minuten duorje.
It Grutte Priis-wykein begjint op freed mei de earste frije training fan sechstich minuten. Dêrnei folget in kwalifikaasje, dy 't de startopstelling foar de sprintkwalifikaasje bepaalt. By dizze kwalifikaasje meie de koereurs allinnich de sêfte bannen brûke.
Sneontemoarns wurdt in twadde frije training fan in oere ferriden wêrnei 't middeis de sprintkwalifikaasje hâlden wurdt. De winner fan de sprintkwalifikaasje krijt ek de pole posysje foar de wedstriid op snein op syn namme. De wedstriid op snein wurdt ferriden oer in " normale " Grutte Priis ôfstân (sa 'n 300 kilometer) en de teams hawwe in frije kar yn it type bân.
Kwalifikaasje
Sprint Kwalifikaasje
- Valtteri Bottas Moast efteroan starte fanwegen in motorwiksel
- Pierre Gasly waard fiif plakken weromset by de start fanwegen in Fersnellingsbakwiksel.
Utslach Grutte Priis
Top fiif yn it wrâldkampioenskip nei de wedstriid
- Wrâldkampioenskip Koereurs
|
- Wrâldkampioenskip Konstrukteurs
|