De Golf fan Feneesje (Italjaansk: Golfo di Venezia) is in baai yn it noarden fan de Adriatyske See.
De Golf fan Feneesje wurdt begrinzge troch de delta fan de Po yn it westen en it skiereilân Istrië yn it easten. Lannen dy't oan de Golf grinzgje binne Itaalje, Sloveenje en Kroaasje.
De rivieren Tagliamento, Piave, Adige en Brenta mûnje yn de baai.
De grutste stêden oan de golf binne Feneesje, Triëst, Chioggia en Pula.
Sjoch ek